User Tools

Site Tools


Sidebar

aksjes:tegeltsjebrege

De tegeltsjebrêge fan Bartlehiem

Yn 1999 wie der noch al wat reboelje oer de saneamde tegeltsjesbrêge dy't no by Aldtsjerk sa moai oanklaaid is. Dizze soe yn earste ynstânsje by Bartlehiem makke wurde op de betonnen brêge tsjinoer it klassike bregje fan Bartlehiem. Omwenners wiene dêr poer op tsjin fanwege oerlêst fan besikers. In selekt groepke leden (Thaeke Johannes Kuipers, Hielke Visser en Erik de Vries) fûnen it in moai momint foar in studintegrapke. Op de tongersdei foar de dies fan 1999 waarden alle foto's út it snuteboek by earelid Jan van Stralen op A2 formaat útprinten. Allegear útsein de foto fan Joop Halma, de dt eksterne, dy't net op de brêge plakt wurde woe. By de âlden fan Hielke Visser yn de skuorre waarden de fotokes oan elkoar plakt en sa giene wy by tsjuster nei Bartlehiem om de brêge fol te plakken. Us slogan wie: “Jim moat net sa ouwehoere, Bernleffers dogge soks yn in heal oere”. Wy hiene de brêge moai fol plakt mar spitigernôch wie der noch immen dy't de hûn útliet. Nei alle gedachten hat hy wat minsken optrommele om alles wer fuort te heljen want doe't de media de oare deis kamen wie it bregje wer fan keal beton.

aksjes/tegeltsjebrege.txt · Last modified: 2016/06/02 16:12 by Thaeke Johannes Kuipers