User Tools

Site Tools


Sidebar

aksjes:martinitoer

Yn desimber fan 2020, doe’t de lokdaun krekt wer fan krÊft wie, kaam ien fan ús leden (Bob Wittermans) mei it berjocht dat wy ferskes op it kariljon oanfreegje koene, yn ruil foar in donaasje. Dizze donaasje soe nei de fiedselbank fan Grins gean en nei de martinitoer sels. It soe dochs fantastysk wêze at it Frysk Folksliet troch hiel Grins te hearren wêze soe! It bestjoer wie it hjir mei iens en sa die de skriuwer in telefoantsje nei de martinitoer. It koste €500,- om in ferske oan te freegjen, en it wie net wis at Bernlef wol op dat bedrach komme soe. De frou fan ‘e martinitoer fûn it sa’n moai idee, dat wy it wol dwaan mochten fan it jild dat wy ophelje soene. De skriuwer skatte dat dit rûn de €200,- wêze soe. En sa sette de ponghâlder in donaasjeaksje op. Earst allinnich foar de leden fan Bernlef. Al rap krige de media loft fan ús aksje. Minsken fan bûten Bernlef woene ek wol doneare foar dit geniale projekt. Friezen yn Grins, dy soene it ek prachtich fine om it Frysk folksliet oer de Grutte Merke te hearren. De donaasjes streamden binnen en de teller fan it jild gie mar omheech. Dit hie bestjoer de Wyn fan Moarn nea tocht. Mar it hâldt net op. Wy waarden belle troch Omrop Fryslân, Oogtv, RTVnoord, Radio 1 en Radio5, allegear woene se in ynterview mei ús! Us praeses waard ferneamd! 22 desimber wie it dan einlings sa fier! De skriuwer hie noch in ynterview mei Omrop Fryslân, en de ynterne en de ponghâlder feriening mei Oogtv. Noch trije ferneamde bestjoersleden. Us gelok koe net op. De Grutte Merke rakke langsum oan fol mei entûsjaste minsken, dy’t de Alde Friezen wol efkes hearre woene. Dit wol op oardel meter fansels. Om 12.00 gie de beierdier, dy’t sels ek in Fries is, fan start. Prachtich, klonk it Frysk Folksliet oer de Grinzer grûn.

Uteinlik hawwe wy rom €2600 ophelle. Spitigernôch wie net eltsenien it hjir mei iens. 'TiktokTammo' rjochte in tsjinaksje op. Op de Oldehove yn Ljouwert soe in projekesje fan de Grinzer flagge komme. Minsken koene hjirfoar doneare en dat jild soe nei in fiedselbank yn Ljouwert ta gean. Spitigernôch is dizze aksje net trochgien troch de koroanamaatregels. Wol hat bestjoer de 'Wyn fan Moarn“in ôfspraak om mei TiktokTammo noch ris in bierke te dwaan op ús skoandere feriening!

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1016966-frysk-folksliet-ut-de-grinzer-martinitoer-wei-troch-donearaksje-bernlef

https://www.sikkom.nl/opstand-tegen-fries-volkslied-op-dolle-grieze-1250-euro-zwijggeld-en-protest-aangekondigd/

https://www.sikkom.nl/wraakactie-tiktok-tammo-nu-al-een-succes/

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1017185-grinzers-yn-aksje-tsjin-frysk-folksliet-op-kariljon-martinitoer

aksjes/martinitoer.txt · Last modified: 2021/05/17 16:24 by Nynke Willemijn Elisabeth Stamm