User Tools

Site Tools


Sidebar

aksjes:kameleonfilm

De kameleon sjocht yn it waar

Ein 2001 wie Renze Westra as sprekker op de soas. Fan him hearden wy dat Steven de Jong dwaande wie mei in ferfilming fan de Schippers van de kameleon nei it boek fan Hotze de Roos. It die bliken dat de film yn it Nederlânsk makke waard. Fansels waard der daalks in moasje yntsjinne dat it bestjoer der alles oan dwaan moast om dit te kearen.

De dt skriuwer Eelse Pieters stjoerde in parseberjocht nei de media dêr't men yn oanjoech dat Hielke en Sietse Fryske bern wiene dy't Frysk praten tsjin elkoar. Mocht Steven syn film net yn it Frysk meitsje dan soe de feriening net neier te neamen aksjes ûndernimme.

Op in wat nuver ytgroepke dat net bestie út foarstejiers en harren ytgroepkelieders mar út bestjoer Sipma en Thaeke en Jan Ale waard by Mario thús ûnder it iten fan in board makaroanje it plan op tafel lein om sels mei in fideo 8 kamera in koarte Frysktalige kameleonfilm op te nimmen. De rolferdieling wie al rap foar in grut part ynfolle. De oanwêzigen Jan Ale en Mario waarden de twilling en Thaeke waard Kees. Boele wie it sterkst dus hy waard de smid.

Oan de bar kristalisearre de film fierder út en doe't wy op in buorrel mei de Dies fan 2002 efkes ynformeel mei ferslachjouwer Onno Falkena praten oer ús plannen sette hy dat fuort op it ANP. De oare deis sieten Boele en Jarig dan ek mei in kater by ontbijt tv live te bearen oer ús film. It ferhaal waard sa grut dat wy net langer mei in flut filmke oan komme koene fansels. Doe kaam der help fan de USVA.

Wy hiene al in koarte ferhaalline betocht om Pyt Paulusma hinne. Dy wie al aardich thús by Bernlef en om him net te lang te binen soe hy ûntfierd wurde. Dan hie er mar 2 sênes, de ûntfiering en it werom finen. Grinzer waarman Jaap Nienhuis krige de nobele taak fan jaloerske waarman en ûntfierder. Wy mochten de kameleon brûke fan Terherne en sa begûn it avontoer. Kameleonfan Erik de Vries skreau in Kameleonskript om ús ferhaal hinne en sa waard it moaier en moaier. Wy hiene Ed Nijpels as cdk frege om de boargemaster te spyljen mar hy woe net. Doe hawwe wy Hans Wiegel frege en dy wie al entûsjast. Letter naam Ed noch in rol yn de film fan Steven de Jong mar wy wiene earst. Doe't letter ek Ids Postma en Foppe de Haan noch taheakke waarden krigen ek hja in rol yn de film.

Pepijn Sonneveld waard de regiseur en Katherine Daykin die it toanielspul. Koen de Koning en Rob Camies setten it op de kamera en it lûd waard fersoarge troch Roel van Horne. Foar it lûdsspoar fan de film waard brûkmakke fan muzyk fan Bombarje (Pyt), Pigmeat (Skinny piccaninny), Piter Wilkens (it wiif fan Skele Jan), Reboelje, Sebeare (Ik tink oan dy) en Diggelfjoer (De skippers). It wiene meast besteande (ynstrumintale) nûmers mar it nûmer fan Diggelfjoer waard ús spesjaal oanbean.

De opnames

Op de earste draaidei yn Terherne wie elkenien hielendal smynkt. De twaling en Kees wiene nei de kapper west foar in blondearsessy mar it waar woe net meiwurkje. It reinde hast de hiele dei dat der wie genôch tiid om de ferskate media te wurd te stean. Sa kamen wy op de omrop en yn Hart van Nederland. Ek de skriuwende parse wie massaal nei Terherne teage.

Foar de boatsênes koene wy de boat liene fan it kameleondoarp en ek koene wy de smidze fan it doarp brûke. Wy krigen fergees in flinke hierboat mei en ferskate oare boaten waarden ús taskikt. Omdat Boele as soan fan in jirpelboer de lieding hie moasten der jirpels yn en in Valtra. Dêrfoar waard der in útstapke makke nei de Wâlden. Dêr begûn de dei mei in sêne yn it gemeentehûs mei Hans Wiegel. Dêrnei waard de huldiging op de boat yn Dokkum filmt en de middeis giene we nei Broeksterwâld foar de ferneamde mûnesêne. Dy duorre hast de hiele middei. By Marcel thús waard in karbydsêne by it hinnehok opnaam mar nei de earste knal wiene de hinnen doof en reagearden hja net mear. De sêne hat de film net helle, de knal waard letter it startskot fan mûner Dykstra. Oan 'e ein fan dizze lange dei waard op de Bolstienpleats de trekkersêne en de banksênes foar de tv opnaam. De jonges wiene doe echt slieperich.

De foarstellings

Yn earste ynstânsje soe de film ien kear draait wurde op Pizel yn de keiwike mar dat waard úteinlik in echte bioskoop. Yn images yn de poelestraat koene wy mei tastimming fan Kluitman ien dei terjochte. Snein 18 augustus wie de grutte dei. It soe in dei wurde om nea te ferjitten. Meino de Vries, ús dt kontaktpersoan mei Grolsch, hie regele dat wy in Grolsch master premiëre krigen. Fan lippe lap kamen 4 x 50 meter reade flierbedekking. Dy waard yn moaten fan in meter seage en sa foarme dit in reade loper fan de pizel oant Images. De loper waard mei spikers fêstslein yn de stoepe. Grolsch hie in fleantúch mei reklamesleep regele en in pear dikke Audi's. Sa koene de haadrolspilers en prominenten mei in dikke auto fan Bernlef nei Images riden wurde. De byrolspilers mochten oer de reade loper rinne. Kees waard op de reade loper efterneisitten troch syn heit. Fan Kluitman wie der spitigernôch net ien, ek de makkers fan de Nederlânske film kamen net opdaagjen en letter hearden wy dat it de meiwurkers fan it Kameleondoarp ferbean wie om nei de premjêre te kommen.

Foar de premjêre, dêr't allinnich genoadigden by wiene en wêrby't om kaarten fjochte waard, begûn die Klaas Jansma earst in prachtich stikje oer de âlde skippers en oer Kluitman dy't sa moeilik die. Spitigernôch ha wy dêr gjin opname fan. Doe kaam der in moai swikje advertearders foarby en fansels in filmke oer de Weduwe Joustra. Ek Motip (de heit fan “Frou Jellema”) hie in aardige duit yn it sekje dien en in faach drankje fan Grolsch mocht ek foarby komme. Dat lêste is gjin súkses wurden. Uteinlik kaam de film dy't sa'n 35 minuten duorre. Der wie nei ôfrin krekt genôch tiid om de seal leech te krijen en wer fol. Alle oeren wie der sa in foarstelling mei alle kearen 180 besikers. De kaartsjes wiene al yn de keiwike op de soas en yn de foarferkeap by Images allegear ferkocht. De lêste foarstelling om 01:00 soene noch tal fan frijwilligers de film sjen mar omdat wy alle kaarten ferkeapje koene hawwe wy foar harren noch in geheime foarstelling hâlden nei ôfrin. Dêr moat Kluitman mar neat fan witte fansels.

De oare deis stiene de kranten der wer fol fan. In prachtige studentikoaze aksje mei in flink knypeach. Guon echte Kameleonfans wiene laaiend entûsjast en soene letter nei it sjen fan de film fan Steven de Jong sizze dat ús film it echte Kameleongefoel better benadere hie as it Hollânske gedrocht fan Steven.

It Noardlike filmfestival woe ús film graach fertoane dat wy giene wer yn konklaaf mei Kluitman en De Jong cs mar it kealle swier. Uteinlik krigen wy tastimming om de film dan mar yn 2003, nei de film fan Steven, nei Ljouwert te bringen mar dêr hiene sawol wy as it filmfestival gjin earen nei. Der waard kontakt socht mei in abbekaat en neffens him wie ús film in persiflaasje en omdat wy gjin besteand ferhaal brûkten wiene dêr neffens him hielendal gjin rjochten foar nedich. Wy ha doe oankondige dat ús film draaie soe op it Noardlik filmfestival yn de Harmonie. Omdat de wurdfierder fan Kluitman (Ann-uhhhhhh-marie al earder yn de media sein hie dat wy it net kommersjalisearje mochten waard der gjin yntreejild frege. De film soe 4 kear draaie yn de grutte seal mei 450 sitplakken.

Ien dei foar de premjêre krigen sawol Bernlef, de Stifting Fryske Aksje en Boele, Marcel en Thaeke in flink pak papier yn de brievebus. It wie in oankondiging foar in boaiumprosedure dy't yn gong setten wurde soe at wy troch giene mei ús foarstellings. It bestjoer Benedictus en de trije oanklaagden teagen fansels fuort wer nei de abbekaat ta mar dy sette alle ljochten op grien. Op 9 novimber wie de Fryske premjêre yn de Harmonie. Op 'e nij wie der wer in soad wurk ferset. Sa kamen de akteurs en de minsken efter de skermen oan mei de boat en ek dizze kear wie der wer in prachtich stikje proaza fan Klaas Jansma. It wie net it selfde ferhaal mar it wie seker net minder as yn Grins. Dizze kear waard it allegear wol opnaam troch Omrop Fryslân. Alle foarstellings wiene wer hielendal fol en in soad minsken diene wat sinten yn in molkbus foar eventuele gerjochtlike kosten dy't noch komme soene. Ek waarden der Fryske kameleonboeken ferkocht yn de hal fan de Harmonie.

De ferskate doarpshûzen stiene yn de riige om ús film te fertoanen en wy woene him mar al te graach sjen litte. Sa waard de film dus op DVD setten en omdat de film mar 35 minuten duorre waard ek it ferhaal fan Klaas Jansma der efkes by op setten. Sa kamen wy toch noch op in oerke fermaak. Wy kochten in Beamer, dy wiene op dat stuit noch aardich oan de priis, en wy ferhierden dy beamer oan doarpshûzen dy't der sels noch net ien hiene. Sa giene wy troch hiel Fryslân en soms dêr bûten. Wy ferkochten in bulte Fryske kameleonboeken en omdat wy gjin jild fertsjinje woene oan de film koene minsken opsjoneel in programmaboekje keapje. Alle kearen gie ien fan de akteurs as produsinten mei de film op paad om der in moai ferhaal by te fertellen. Soms hierden wy der noch in beamer by en waard de film ek op meardere plakken tagelyk fertoand. De film hat yn Brussel draait en wy ha mei spesjale East Fryske ûndertitels nei East-Fryslân west om dêr de film oan in groep bern sjen te litten. Dit wie in moai útstapke en sa wiene wy ynienen ek ynternasjonaal bekend.

Op 30 april 2003 wiene de lêste fertoanings fan de film. De produsinten hiene noch wol efkes troch kint want der wie noch genôch belangstelling mar hja woene de Nederlânske film net yn de wei sitte en it waard ek wer tiid om de stúdzje op te pakken. Der wiene op 30 april noch in hiel soad foarstellings mar dêrnei wie it oer. Fan de rjochtsaak hiene wy al in hiel skoft neat mear fernaam en wy hiene it fermoeden en de hoop dat dat ek wol sa bliuwe soe.

De oare film

De film fan Steven de Jong wie op in gegeven momint ek klear en wy krigen doe in útnoeging fan in sjoernalist om mei te gean nei in spesjale foarpremjêre yn Amsterdam. Pier en Thaeke giene nei Amsterdam om dêr de film foar it earst te sjen. In stikmannich akteurs fan de film fan Steven de Jong wiene oanwêzich. Wy hawwe de film sjoen en him dêrnei fan kommintaar foarsjoen. Wy fûnen it in aardige film mar it hie net folle mei de kameleon te krijen. Nei ôfrin ha wy noch efkes koart mei Steven en Klaas de Jong sprutsen en hja wiene wol in bytsje ferbjustere dat wy oanwêzich wiene by harren film. By de Grinzer premjêre hawwe ús twilling en de twilling fan Steven en dy noch efkes op de foto west.

De rjochtsaak

Wy krigen der lucht fan dat de direkteur fan Kluitman, Piero Stanco, yn Leek kaam om boeken te sinjearjen. Fansels giene wy noch efkes hinne om persoanlik mei de bêste man te praten. Wy ha earst efkes in boek sinjearje litten. Grutte maten fan de Kameleon. Dêrnei ha wy ús efkes foarsteld want wy hiene noch nea rjochtstreeks mei de man praten. Wy ha him útnoege foar in slokje op de Pizel mar hy like suver wat benaud foar ús.

De rjochtsaak waard hieltyd wer oanhâlden en der kaam mar nea wat fan dat it wie wol efkes skrikken doe't der yn 2008, mear as 5 jier letter dus, alsnoch in boete kaam fan yn totaal 11.300 euro. Safolle jild hiene wy fansels net yn ús molkbus sitten en boppedat wie ús abbekaat ek net fergees. It jild waard foarsketten en no moast der fansels in aksje komme om de sinten werom te fertsjinjen want Bernlef mocht fansels net oan legerwâl bedarje troch sokke grappen. De BYA waard oprjochte en troch in alvestêdetocht op in bierfyts te organisearjen mei ûnderweis ferskate aksjes waard genôch jild ophelle. Dêrneist wie it ek wer in fantastysk evenemint om mei te meitsjen. De film mei net langer fertoand wurde op straffe fan in twangsom fan 5000 euro per foarstelling.

De akteurs

  • Hielke Klinkhamer - Mario Huiberts
  • Sietse Klinkhamer - Jan Ale van der Ploeg
  • Louw Vrolijk - Jouke Eppenga
  • Kees Dijkstra - Thaeke Johannes Kuipers
  • Smid Klinkhamer - Boele Terpstra
  • Mem Klinkhamer - Elbrich Daems
  • Gerben Zonderland - Jan Brolsma
  • Fjildwachter Zwart - Feiko Hoekstra
  • Postboade Sjoerd Bonnema - Pier Yme Fopma
  • Boer Jellema - Erik de Vries
  • Frou Jellema - Marloes de Jong
  • Dútske Toerist Nazi - Marcel Westerhof
  • Dútske Toerist Lederhosen - Eelse Pieters
  • Dútske Toerist Skipper - Feiko Hoekstra
  • Studint - Anna Dam
  • Studint - Sander van der Veen
  • Studint - Anne Frits Joldersma
  • Pyt Paulusma - Pyt Paulusma
  • Jaap Nienhuis - Jaap Nienhuis
  • Fuotbalkootzj - Foppe de Haan
  • Ids Postma - Ids Postma
  • Boargemaster - Hans Wiegel
  • Stuntman - Klaas de Jong

Stuntman Klaas is ien kear koart yn byld wannear't er mei de boat fan Jaap Nienhuis op 'e flecht is. Jaap koe dy deis net by de opnamen wêze en Klaas is dêrom hielendal opmakke as Jaap Nienhuis. Hy is allinnich fan efteren te sjen.

aksjes/kameleonfilm.txt · Last modified: 2016/06/10 18:45 by Thaeke Johannes Kuipers