User Tools

Site Tools


Sidebar

aksjes:aaikwyt

Jo aai kwyt by Hendrik

Bernlef hat net allinnich aksje fierd foar it Frysk mar ek no en dan wol ris in ludike aksje oppakt. Op in kear hie ús fine bruorke Hendrik foar de KEI-wike in soarte fan stimwizer makke dêr't út kaam dat at men Frysk wiene, men by Bernlef jins aai wol kwyt koene. In groep Bernleffers hat doe op in simmerregelingjûn sjen litten dat men by Hendrik as Fries jins aaien ek wol kwyt kinne. In pear hûndert rauwe aaien waarden ferstoppe yn de soasjeteit fan Hendrik en it soe samar kinne dat se noch altyd net allegear fûn binne.

aksjes/aaikwyt.txt · Last modified: 2017/05/01 19:59 by Romke E. Egbers