Fardau's sylaventoer: Tall Ships Races 2018

13 Desimber 2017

Yn de simmer fan 2018 sil Fardau Visser, lid fan ús feriening, de eachein foarby gean en in syltocht meitsje fan Stavanger, Noarwegen nei Harns. Yn it kader fan Ljouwert-Fryslân 2018 docht sy nammentlik mei oan de Tall Ships Races!

Mei in ynternasjonale bemanning sil sy de wylde see op gean om in wike lang unferjitlike ûnderfiningen op te dwaan, en sy sil dêr hurd wurkje om noch mear feardigens te learen.
As studint Minorities & Multilingualism, in stúdzje wêrby de neidruk leit op de omgong tusken ferskate kultueren en persoanen, liket de Tall Ships Races dus de ideale mooglikheid om op in bysûndere, interaktive manier yn'e kunde te kommen mei oare kultueren. 

Oan board sil sy in koarte film meitsje om har ûnderfiningen te dielen en dêr kinsto dêrnei fan meigenietsje!

Om dizze reis finansjeel mooglik te meitsjen is Fardau op syk nei stipers, dy sil sy ek fermelde yn har filmke. Wolsto Fardau helpe mei har reis? Dan kinst donearje fia dizze link 

Mear ynformaasje oer de Tall Ships Races 2018 kinst hjir fine

 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.