De sylalvestêdetocht 2018

11 Desimber 2017

Krekt as de ofrûne jierren sil ek kommend jier wer in sylâlvestedetocht syld wurde 

De 6e edysje fan de tocht der tochten yn in sylboat sil sa't it no liket yn it wykein fan 8 oant 11 juny plakfine. in Swik Bernleffers sylt dan wêr mooglik de reedridersrûte fia Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum, Ljouwert, Snits, Drylts en dan wer nei Heech ta. Mocht it kwa wynrjochting handiger wêze om dit tsjin de klok yn te dwaan dan kin dat fansels ek.

Wolst mei sile dan kinst gewoan soargje datst op tiid by Hoora oan de start ferskynst. Hoora ferhierd ek de sylboaten om de tocht mooglik te meitsjen. 

Mear ynformaasje kinst fia dizze link fine!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.