Sylalvestêdetocht

12 Juny 2018

Ofrûne wykein is de 'tocht der tochten' oer de Fryske wetteren syld. De sylâlvestêdetocht is ek dit jier wer troch (âld)leden syld. Yn falkjes binne de dielnimmers de striid oangien, om as foarste de alve stêden by del te gean. Wêr't oare tochten lâns de Fryske stêden yn ien dei te folbringen binne of meardere etappen ha, hat de sylalvestêdetocht it hiele wykein duorre en is der gjin skoft hâlden om te sliepen. Hjirmei ûnderskiedt de syltocht him fan oare tochten lâns de Fryske stêden.

Freed yn ‘e jûn binne de dielnimmers útein setten yn Heech. Silende, bomende en jeiende binne se troch de stêden en oer de fearten hinne. Nei in drege tocht binne Theake's ingeltsjes nei 67:34:12 oeren oankaam yn Heech en de GHB nei 71:18:30 oeren. 

De syltocht wurdt elk jier syld, dus folgjend jier kinsto ek meidwaan! Mear ynformaasje oer de tocht fynsto op http://www.sylalvestedetocht.nl/

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.