Sportsimmer 2016 by Bernlef

7 Juny 2016

Foar de sportleafhawwers wurdt de simmer fan 2016 in wier walhalla! It EK fuotbal, de Tour de France en fansels de Olympyske Spelen. No kinne je dat fansels thus op' e bank sjen, mar it is folle smûker om yn de simmer by Bernlef del te kommen om tegearre fan de sport te genieten. 

Wy sette út ein mei it EK fuotbal en wy binne fan doel om in oantal moaie potsjes út te stjoeren. Hjirûnder it skema fan de wedstriden dy't wy sawiesa útsjoere wolle. Fansels kin der by genôch animo ek sjoen wurde nei mear wedstriden op oare tiidstippen. Want wa wol der no net om 15:00 mei in hearlik kâld pilske nei in moaie pot fuotbal sjen. 

10 juni, 21:00. Frankryk-Roemenie. 

13 juni, 21:00. Belgie-Italië

15 juni, 21;00. Frankryk-Albanië

19 juni, 21:00. Zwitserland-Frankryk

21 juni, 21:00. Kroatië-Spanje

22 juni, 21:00. Zweden-België

 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.