Sinteklaasyntocht yn Dokkum

11 Novimber 2017

De lanlike yntocht fan Sinteklaas is dit jier yn Dokkum, op sneon 18 novimber. Fansels komme tûzenen bern, heiten en memmen nei Dokkum om de goedhillichman en syn Piten wolkom te hiten. De yntocht hâldt de stêd no al yn 'e besnijing. Hotels binne folboekt, ûndernimmers spylje der op yn en de farrûte fan de Sint wurdt klearmakke. 

Dokkum ferwachtet  25.000 minsken, dat is 20.000 mear as by in gewoane oankomst. Dêr moat fan alles foar regele wurde, lykas wol twa kilometer oan stekken. De kaden binne al opknapt en de brêgen wurde noch farve. Dokkum sil him op syn moaist sjen litte. "Ek Sint hat der sin oan. De berjochten út Madrid binne posityf."

Der komt ek in plak foar demonstranten. "We binne drok yn oerlis mei de belutsenen hoe't we dit oanpakke kinne en der goede ôfspraken oer meitsje kinne. It is fansels in grûnrjocht en hjir wolle we romte oan jaan. Wêr't it plak foar demonstranten komt, witte we noch net. Dat wurdt pas op it lêst bekend makke." De organisaasje lit him goed ynformearje troch de plysje en hâldt mei alle senario's rekken. "We dogge gjin útspraken oer de feilichheidsmaatregels."

Spesjaal bier
Yn in gebou oan de farrûte moat op 18 novimber in priuwlokaal fan de Bonifatius Stadsbrouwerij iepen wêze. Mei in nij bierke, in spesjaal bier makke foar Sinteklaas: Witte Pietenbier. It is in wytbier mei seewier dêryn ferwurke. 


Faaks sille in oantal bestjoersleden der ek wol efkes op út rjochting it hege noarden

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.