PK siket minsken

7 Maaie 2015

Bisto in enthusiaste kreativeling mei goede reklame-ideeën? Of bisto foaral hiel enthusiast? Kom dan de PK fersterke! PK stiet foar promoasjekommisje, dizze kommisje regelet dus alles dat te krijen hat mei promoasje en reklame fan de feriening. Tige wichtich dus! At it dy wat liket, lit it dan witen oan Anke. Wa wit wurdt der mei dyn hulp wer in poster ûntworpen dy like beroemd wurdt as bygelyks de United Colors of Bernlef-poster. (Der ha we ommers de landelijke krante mei helle.)

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.