Kiezeldagen by Bernlef!

15 Jannewaris 2018

Fan 13 oant 16 febrewaris fine de Kiezeldagen wer plak by ferskate studinteferieningen yn Grins. De Kiezel is in yntroduksje-trijedaagse wêr't studinten yn'e kunde komme kinne mei ferskate ferieningen. Bisto noch gjin lid fan in feriening, mar liket dat dy wol wat? Kom dan gerêst ris lâns by Bernlef!

Sa kinst mei de Kiezeldagen op tiisdei nei it junglefeest en doch dyn Tarzan of Jane outfit oan! Op woansdei sil de kroegetocht lâns de ferskate ferieningen gean, en dy sil ek Bernlef oan dwaan. Op Tongersdei sil der in band optrede, dus dat belooft ek in leuke jûn te wurden! 


Mear ynformaasje oer Bernlef kinsto fine op ús side, foar mear ynformaasje oer de Kiezeldagen kinsto terjochte op http://www.kiezeldagen.nl/
 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.