Help mei! Ûndersyk nei taalgebrûk Friezen

18 Septimber 2017

Lysbeth Jongbloed-Faber docht sûnt 2015 promoasjeûndersyk nei it gebrûk fan Frysk op sosjale media. Op it stuit ûndersiket sy it taalgebrûk fan Friezen om utens.

Yn 1992 is der ek ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan Friezen om utens (guon leden fan Fryske studinteferienings ha doe ek meidien) en no sjocht sy nei it Frysk fan hjoed-de-dei.

It ûndersyk bestiet út it fragelist dy't sa'n 20 minuten duorret. Der wurde in weardebon foar de websjop fan de Afûk en tsien sûkerbôlen ferlotte ûnder de dielnimmers.

Soargje dus datst de fragelist gau makkest!


It ûndersyk is te meitsjen yn it Frysk of yn it Nederlâns.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.