Gleon yn 'e keet

8 Novimber 2017

Utjouwerij Regaad organisearret yn novimber 'Gleon yn 'e keet: in toernee lâns Fryske doarpshûzen en kroegen, mei skunnige ferhalen fan Douwe Kootstra en reade-earkesmuzyk fan folkssanger Sytse Sneekweek. Nei ôfrin wurde de hichtepunten draait út it Nederlânsktalige 'skúne' sjenre. De oanlieding fan de toer is de ferskining fan De Wiete Poes, en oare ûnfoege ferhalen, van Jurjen van der Kooi en Douwe Kootstra. It is it earste boek mei ûnfatsoenlike folksferhalen yn it Frysk. It boek sil te keap wêze by alle optredens.

De toernee Gleon yn 'e keet hat fiif halteplakken:
Sneon 4 novimber – Terwispel – Spaltenbrêge
Freed 10 novimber – Boazum – Boazumer Mjitte
Sneon 11 novimber – Burgum – Kiehool
Freed 24 novimber – Grins – Bernlef
Sneon 25 novimber – Drachten – Café Marktzicht

Alle jûnen begjinne om 20.30o en de tagong is fergees

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.