Freed 30 juny: Bert Wagendorp by Bernlef

16 Maaie 2017

Op freedtejûn 30 juny (de jûn foardat de Tour de France losbarst) komt de ferneamde skriuwer en Volkskrant-kollumnist Bert Wagendorp by Bernlef. Want dy jûns sil de Fryske oersetting fan syn bestseller ‘Ventoux’ presintearre wurde. Dat boek ferskynt by de Grinzer/Fryske útjouwerij Regaad, dy’t rund wurdt troch fjouwer âld-Bernleffers. De presintaasje is ûnderdiel fan in moaie jûn fol sport en ferhalen, neffens it mal fan it eardere tv-programma Holland Sport. Sa komt ek de eardere Fryske Tour-wielrenner Eddy Schurer (1964) op de soas, is der in ynterview mei Bert Wagendorp, wurde der ferhalen en kollums foarlêzen troch Fryske pommeranten en is der in heuse petje-op-petje-af-kwis op it gebiet fan sport. En do kinst sels it earste, sinjearre eksimplaar fan it boek winne! Neitiid sil Bert Wagendorp fansels sinjearje. En gjin noed, tusken alle ûnderdielen troch is der plenty gelegenheid om pils te bestellen – it is Bernlef, ommers! Net stinne, hinne, dus. Ynrin fan 20.00 oere ôf, de jûn begjint om 20.30 oere. Graach oant 30 juny!

Groetnis fan Regaad, jo boekmakker yn bange dagen.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.