Fiif foar tolven foar it Frysk: manifestaasje op 22 desimber yn Ljouwert

5 Desimber 2016

By alle stribjen dat derop rjochte is it Frysk yn it ûnderwiis syn rjochtlik plak te jaan en by alle  suksessen dy’t de ôfrûne desennia behelle binne, net it minst troch ferbetteringen yn de kwaliteit fan de lesmetoaden, wurdt út it each ferlern dat it Frysk yn libben gebrûk hurd ôftakket. Noch mar in tredde part fan de Fryske befolking jout it Frysk noch oan syn bern troch. Dat slûpende proses, dat noch it meast oan it ljocht komt  op de skoallepleinen, dêr’t de memmetaal al linkendewei ferkrongen is troch it Hollânsk, liket net mear te kearen. Mar is dat in aliby om it Frysk dan mar slûpe te litten? Nee, sizze wy.  Dêrom dogge wy, as boargerinisjatyfgroep Sis Tsiis, in berop op al dejingen dy’t ús taal oan ’t hert giet, de leararen yn it basis- en fuortset ûnderwiis foarop, om no’t it noch net te let is, it Frysk in folweardich plak te jaan yn de skoalle. Op hieltyd mear skoallen binne de leararen har dat bewust en meitsje se der wurk fan. Mar op noch folle mear skoallen wurdt it  op syn minst faak as in obstakel field of op syn bêst in suertsje by de deiske boadskippen yn it Hollânsk en, op de trijetalige skoallen,  it Ingelsk. De statistiken wize it út. Dat meie wy net langer tastean. Lykweardichheid, wetlik al lang fêstlein en ek troch it Europeesk Hânfest easke, moat lang om let ek yn de praktyk sa gau mooglik realisearre wurde: IT IS FIIF FOAR TOLVEN.

Dêrom hâlde wy op tongersdei 22 desimber  yn Ljouwert in grutte manifestaasje. Wy nûgje dêrfoar safolle mooglik minsken út om de jûns om 19.00 oere nei it Wilhelminaplein te kommen. Mei feestlike fakkels giet it yn optocht troch de binnenstêd. Rin mei of slút oan!!

Boargerinisjatyfgroep Sis Tsiis

Sjoch ek https://sistsiis2016.wordpress.com

 

  

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.