De Fryske Top 100!

23 Novimber 2017

It is wer tiid om te stimmen op de Fryske Top 100, in ferkiezing dy't elk jier hâlden wurdt en wêr'tst stimme kinst op dyn favoryte nûmers fan Fryske artysten. 

Sa as gewoanlik sil de Fryske Top 100 op âldjiersdei fan 13.00-00.00o útstjoerd wurde op Omfrop Fryslan.

Stimme kin ek dit jier wer fia de https://www.frysketop100.nl/ oan te mei twadde krystdei. Op de lêtste stimdei kinst tillefonysk kontakt opnimme mei Omrop Fryslân en sa faaks in petear hâlde mei dyn bekende Fryske sjongheld. 

In lytste tip: bring dyn earste stim út op Bernlef Boppe fan Piter Wilkens, sa'n moai nûmer moat fansels boppe oan op'e list!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.