De Fryske flagge emoji

18 July 2018

De dei fan de emoji hat krekt west, mar us feriening is al in tiid dwaande mei in emoji. Der is troch leden in oanfraach by Unicode yntsjinne foar de Fryske flagge emoji. Dizze organisaasje giet oer alle emoji-oanfragen en sil beoardiele of de emoji yn ‘e takomst brûkt wurde kin. Unicode hat yntusken oanjûn dat de oanfraach fierder yn behanneling nommen wurde sil, dat we binne op ‘e goede wei om Fryslân en it Frysk noch mear op’e kaart te setten!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.