Bernleflid yn finale Mis(s) ferkiezing!

24 April 2017

Bernleflid Janneke Knol stiet op 6 maaie yn ‘e finale fan de Mis(s) ferkiezing, in show fan SBS foar froulju mei in beperking. De Mis(s) ferkiezing gjit oer úterlike moaiens, mar foaral oer lef en in sterke persoanlikheid. De Mis(s) 2017 sil har in jier lang ynsette foar in sterkere posysje fan minsken mei in handikap yn Nederlân.

Ien fan de 8 finalisten is Janneke Knol, studint Logopedy yn Grins. Sûnt se har ynskreaun hat foar de ferkiezing, stiet har wrâld op ‘e kop. ‘Ik hie noait tocht dat ik útkeazen wurde soe. Der wiene 150 oanmeldings! De útnoeging foar de seleksjedei wie in grutte ferrassing. Dat ik no yn de finale stean is in noch gruttere ferrassing, dit hie ik noait betinke kind.’ De reaksjes binne allegear posityf.

Janneke is sûnt dit jier lid by Bernlef. ‘Ik haw der spyt fan dat ik dit net twa jier earder dien ha. It is in stikje thús hjir yn Grins’, seit se. ‘De minsken binne hiel fijn en minsken sjogge my ek net raar oan as ik hjir bin. Ik ha hjir echt freonen fûn.’ En dat blykt, oansjoen der ek in pear Bernleffers útnoege binne foar de live útstjoering fan de finale.

As Janneke harsels Mis(s) 2017 neame mei, wol se har graach ynsette foar de regeljouwing omtrent handicaps. ’Neffens my is hjir noch in soad te beheljen, ik soe it moai fine as ik dêr oan bydrage kin.’ Alle media-oandacht kin hjirby helpe. ‘It docht in soad mei dy. No bin ik ynienen op ‘e televyzje en op de radio. It is ek in boost foar myn selsfertrouwen, ek al is it ek wol spannend.’

Sneon 6 maaie fanôf 20.30 wurdt de finale útstjoerd op SBS6. Oankommende wike kinst al op Janneke stimme en ûnder de útstjoering sels kin dat ek. Hoe moai soe it wêze as Bernleffer Janneke Mis(s) 2017 wurdt?!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.