Bernleffer en suske winne SjONG 2017

7 Juny 2017

Bernleffer Marten Algra (18) en syn suske Elske (16) hawwe sneon it Frysk sjongfestival SjONG fan Cedin wûn. It duo die dit mei it nûmer 'Yn waar en wyn', de Fryske bewurking fan 'Calm after the storm' fan The Common Linnets. Ek hawwe sy de priis krigen foar 'Bêste Fryske sjongtekst'. 

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand ferske. 

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.