Wurkaksje - Lit de Fryske klanken hearre -

20 Maart 2018 00:00:00

Dyn pokky yn de takomst spraakopdrachten jaan yn it Frysk, is dat gjin moai takomstbyld? Noch moaier: do kinst hjir oan bydrage en Bernlef kin der ek noch jild foar krije! Lionbridge Technology is nammentlik op dit stuit dwaande mei it ûntwikkeljen fan Fryske spraakwerkenningssoftware en hjirfoar ha se de meiwurking fan F.F.J. Bernlef frege! Wy freegje safolle mooglik leden om mei in mobyl of laptop sinnen yn it Frysk yn te sprekken. Elkenien dy’t ús ferzje fan it Frysk (Westlauwers Fries) sprekt, mei meidwaan. Dus ek Gaasterlânners, Wâldpiken en minsken fan de klaai.

Wannear asto meidochst, ûntfangt ús skoandere feriening jild en Lionbridge ûntfangt data wêrmei’t se de spraakwerkenningssoftware meitsje kinne. It foardiel foar dy is de mooglikheid oer in pear jier in spraakassistent te brûken yn it Frysk en wa wit krigest der noch mear foar werom ;)

 Om mei te dwaan moatst dy oan de folgjende punten hâlde:

De easken wêr’tsto oan foldwaan moast

  • Ten minste 18 jier of âlder
  • In Android-apparaat mei de nijste Chrome-browser of in kompjûter hawwe mei de nijste Chrome-browser. Iphones en Ipads binne net skikt foar dizze taak
  • In aktive ynternetferbining. Wifi is oanrieden foar mobile apparaten om technyske problemen te mijen.
  • In omjouing sûnder in soad oare lûden
  • Omtrint 1 oere tiid, ôfhinklik fan dyn wurktempo. It is ek mooglik om yn meardere sesjes de taak te foltôgjen.

Wat moast dwaan?

  • Gean nei http://your_voice_fy-NL.register-lionbridge.com Fia dizze link moast dy registrearje en ûntfangst binnen in pear dagen in mail mei ynlogkoade en taak ynstruksjes. Let op, dizze mail kin ek tusken dyn spam komme.
  • By de registraasje wurdt der frege nei in kompensaasjemetoade. Kies hjir foar: ‘vereniging/organisatie’ en dêr moast BERNLEF ynfolle.
  • Sprek de Fryske sinnen yn
  • Binnen in pear dagen ûntfangt Lionbridge de data en geane sy it ferwurkjen. Sy stjoere dy dan in befêstiging fan dielnimming en ús it jild. Let op: moast de hiele taak suksesfol folbringe, oars hawwe sy der neat oan en krije wy gjin jild.
  • Omdat se unike stimmen nedich hawwe, kinst de taak mar ien kear folbringe.

 

Sa asto lêze kinst is it hielendal net sa dreech, en it soarget der ek noch ris foar datsto yn’e takomst gebrûk meitsje kinst fan in Frysk spraakwerkenningsprogramma. Bisto ek sa entûsjast? Registrearje dy dan fia de link en wês held foar Fryslân en ús feriening! Let op: wy hawwe oant 1 maart de tiid. Skriuw dy yn ast it dien hast, dan kinne wy ek sjen hoefolle Bernleffers der meidogge.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.