Pizel

Sportliterêre jûn

30 Juny 2017 20:00:00

Op 30 juny ferskynt de Fryske ferzje fan Ventoux by Utjouwerij Regaad. In magistrale roman fan de bekende skriuwer/sjoernalist Bert Wagendorp, oer freonskip en fytsen, jeugd en leafde, tiid en skuld, en dat alles tsjin it dekôr fan de 'Reus fan de Provence', de 'Keale Berch'... de Mont Ventoux!

Oan it program wurkje mei: Bert Wagendorp, Joop Atsma, Jaap Krol, Edwin de Groot, Geart Tigchelaar, Martsje de Jong en de eardere Fryske fytsprof Eddy Schurer. De jûn wurdt folle mei anekdoaten, kollums, gedichten, ynterviews, filmbylden, en in sportmuzykkwis – en fansels wurdt Ventoux presintearre. Nei ôfrin fan it programma sille Bert Wagendorp en Martsje de Jong ek sinjearje.

Fan 20.00 oere ôf is de soas fan FFJ Bernlef iepen, it programma set om 20.30 útein. Sjoch ek op regaad.nl. Jim binne fan herten wolkom!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.