Frjentsjer

Krystkongres 2018

27 Desimber 2018 10:00:00

Op 27 & 28 desimber sil it jierlikse krystkongres wer plakfine yn de Bogt fen Guné yn Frjentsjer. It krystkongres wurdt organisearre troch leden fan F.F.J. Bernlef en W.S.S.F.S. Dyn kâns om de leden fan ús susterferiening út Weinum wer te moetsjen. 

Om 10 oere moarns hinne begjinne we de dei mei kofje by de boargemaster yn it stêdshûs. Sy sil ús dêrnei begeliede mei in stêdskuier dy einiget yn de Bogt fen Guné. Dêr wurdt it kongres offisjeel iepene en is der lunsj.

Om 13:30 begjint it sympoasium mei it tema ‘Ynnovaasje foar de nije Generaasje’. Mei dit tema sjogge we nei wat der spilet yn Fryslân op it mêd fan duorsume ynnovaasje. Dêrmei wolle we jim net allinich wat bybringe oer duorsumens, mar jim ek ynspirearje litte om sels te ûndernimmen yn de duorsume sektor. 

Nei it sympoasium is der in stevige buorrel yn de Bogt fen Guné. Dizze sil trochgean oant it iten om 19:00 oere. Nei it iten giet de buorrel noch eefkes troch en stiet der in kabaretkriich op it program. Riedzje dus wat ta! Om 22:00 sil der live-muzyk wêze. 

Oernachtsje kin yn trije-stjêren hotel ‘De Terp’. Lykwols is dit hotel net berekkene op in hoemannichte minsken, dus moatst dyn eigen matsje en slieppûde meinimme. 
It program foar de folgjende dei komt letter op de side. Hâld ek foaral de side en facebook yn de gaten foar wizigingen yn it program.


Kinst dy hjirre ynskriuwe 

 

Net leden fan ien fan F.F.J. Bernlef en W.S.S.F.S. kinne sich opjaan by it eameladres krystkongres@gmail.com

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.