am soas

Keiwike tiisdei - Live muzyk Piter Wilkens

14 Augustus 2018 21:30:00

Krekt as elke oare dei yn 'e KEI-wike kinsto de tiisdeis genietsje fan in hearlik fergees Frysk broadsje of in smoothie tusken 13-15 oere. Hasto dêr gjin tiid foar omdatsto by Kei to your Future oanwêzich bist? Dan kinsto dêrnei noch del komme om te tsjillen yn ús lounge, der sil wer genôch te dwaan wêze! 

Om 18 oere stiet der wer in sûne pot iten op tafel, dit kear wraps, en do meist foar in hiel lyts bedrach mei ús mei ite! Liket dy dit wat? Belje/app dan efkes nei 0652066919 om dy op te jaan!J

Jûns, nei de KEI-parade, komt der in spesjale sjonger by Bernlef. It is dé Bernlefleginde, in fantastyske sjonger: Piter Wilkens! Piter begjint om 21.30 te sjongen, dus soargje datst op tiid by de soas bist en belibje de jûn fan dyn libben!

(Ynskriuwe is foar it iten)

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.