am soas

Keiwike Moandei - FunkyFûgelFeest

13 Augustus 2018 19:25:00

 

Op'e foarste dei fan 'e KEI-wike kinsto yn'e kunde komme mei Bernlef! Wy sille op'e ynfomerke stean om al dyn fragen oer Bernlef of in lidmaatskip te beantwurdzjen. Ek is de soas yn'e middei fan 13-15o iepen foar in fergees fryske lunsj of smoothie mei in bontsje út dyn bonneboekje! 

Nei de lunsj kinsto by Bernlef de hiele midje bykomme en tsjille yn ús lounge. Der sille ferskate spullen wêze sa as MarioKart en Twister, mar neat is ferplicht!

Jûns kinsto foar in lyts bedrach fegetaryske pasta pesto by ús ite op 'e soasjeteit. Liket dy dit moai? belje/app dan efkes nei 0652066919 om dy op te jaan!

Nei it iten sil om 21.30 it FunkyFugelFeest los. In mâl feest wurdt it seker, om't de wolbekende rôze fûgel faaks wol efkes oanfleanen komt en dy sil grif wat rôzefugeltoverdrankjes foar dy meinimme! 
 

Oant sjen yn'e KEI-Wike! 

(Ynskriuwe is foar it iten)

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.