Iepen Poadium 2018

7 Juny 2018 21:30:00

Sân juny sil it heve: it jierlikse Iepen Poadium fan de FFJ!
Hasto dy noch net opjûn? Doch dat dan rap troch in appke te stjoeren nei Jelmer Oldenhof!

Alles mei en (hast) alles kin! In ferske sjonge, playbacke, muzyk meitsje, machtige ferhalen as hilaryske moppen fertelle. As kinsto moai dûnsje en wolsto dat sjen litte? Stap op it poadium!
Nij dit jier is datsto ek dyn eigenmakke film sjen litte kinst. Dus fynsto it moai om wat te dwaan, mar is live krekt wat te ing? Set it op film!

It iepen poadium is in besletten aktiviteit, allinnich foar leden. Ek wurden der fan de optredens gjin opnamen makke! Wês dus net bang om eat ludyks del te setten op dizze machtige jûn!

Akko Domdryst Dwylsinnich hat der sin yn en sjocht út nei jimme kreative peareltsjes!

It Iepen Poadium begjint offisjeel om 21:30 oere, mar fanôf 21:00 oere is der in eksklusive pre-party. Sjoch de groepsapp foar mear ynfo.

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.