Pizel

Iepen poadium '17

16 Maart 2017 21:30:00

Hast do altyd al ris dyn sangtalent oan oaren hearren litte wollen? Hast do altyd tocht datsto leaver sjonge wolst dan studearje? En hasto sin yn in ûntsettende gesellige disko? Kom dan nei de disko karaoke jûn by Bernlef op 16 maart!

Dizze jûn stiet yn it teken fan, fansels, disko en karaoke! De Soas wurdt wer tige smûk fersiert, sadat elkenien de diskosfear priuwe kin. Njonken alle dûnskes en geselligens, is der dus de mooglikheid om dyn prachtige nachtegeal of krie stimme te hearren litte. Kom dus foaral del foar in unferjitlike jûn.

Fansels hâlde wy fan spontane optredens, mar asto al fêst wist datsto sjonge wolst of mei in groep optreden wolst, skriuw dy dan alfêst yn!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.