Am soas

Barklunkampioenskip - iepen dagen

10 Oktober 2017 21:30:00

Op tiisdei sille we de iepen dagen begjinne mei in historysk gebeuren, nammentlik it offisiele Iepenbier Grinser Barklun Kampioenskip. It IGBK is as altyd drok besocht evenemint, al jierren bekend en hat al in soad idioate gebeurtenissen tewei brocht lyk as baampe lui dy't fan mâlens net mear witte wat se doche, eksternen dy't der niks fan bakke en falpartijen fan de bar ôf. 

Wolst sjen wêr’t we it oer ha? Kom dan del, want dit wolst net misse! En it moaiste is dat eltsenien meidwaan kin!

Fansels kinsto dy ynkoarten opjaan by de FJK2 Ter ynformaasje: in team moat bestean út trije minsken, dus freegje gau twa freonen en hâld dizze dei frij! Rûn 21:30 sil de kompetysje losgean! Der kinne yn totaal 16 teams mei dwaan dus fol is fol!

Do moast ynlogge om reaksjes te sjen.
Do moast ynlogge om reaksje efter te litten.

Ynskriuwingen

Do moast ynlogge om dy yn te skriuwen.