moandei

12 augustus

21:00


Spesjaalbierjûn

tiisdei

13 augustus

21:00


Live: The Flu Fighters

woansdei

14 augustus

21:00


Down the Neon Road

tongersdei

15 augustus

21:00


Live: Smûk op soas

freed

16 augustus

21:00


Piter Wilkens

Wêrom Bernlef?

Ast dit lêze kinst bist op it goeie plak! F.F.J. Bernlef is de Fryske Studinteferiening fan Grins. It grutste diel fan ús leden binne Fryske, mar net allegearre. Us kroech ‘De Pizel’ is it plak dêr't de leden mei inoar komme foar aktiviteiten, in feestje of om gewoan in pilske te drinken oan de bar. Foar in protte fan ús leden is de Pizel harren twadde hûs. Yn de Keiwike ha wy in moai programma, dus kom gau ris del foar in kâld pilske!

Gelyk en lyts

By Bernlef wurdst daliks lid en hast gjin geâldehoer mei minne úntgrienings. Wol wurde der tal fan aktiviteiten foar dy organisearre, dy'tst yn it begjin better net misse kinst, omdat'st op dizze manier de feriening it bêste kennen learst. Bernlef hat sa'n 150 leden en binnen no-time kinst do alle aktive leden en kinst diel útmeitsje fan kommisjes of sels it jierlikse bestjoer. Trochdat Bernlef net sa grut is binne der ek net in soad regels. As der in pear leden fine dat it barre moat, dan sil dit faak ek barre, foaral yn de lette(re) oerkes.

  • Gjin untgriening
  • Fryske identiteit
  • Gjin ferplichtingen
  • Oprjochte yn 1925
  • Dyn stamkroech yn Grins
  • In unferjitlike tiid

Stúdzje en ûntwikkeling

By Bernlef kinst prima lid wêze neist dyn stúdzje, dit omdat der gjin ferplichte aktiviteiten binne. Yn de tentamenperioade hast dus alle rêst, mar kinst wol altyd terjochte op de kroech foar in drankje of in miel. By Bernlef krigest in soad kânsen om dysels bûten dyn stúdzje te ûntwikkeljen. Bernlef docht wis net ûnder foar de grutte ferienings en is al mear as 90 jier in begrip yn Grins!

Logo
Programma
12 Moandei

Ynfomerke

10:00 - 17:00

Fergees Fryske lunsj

13:00 - 15:00

Mario Kart

15:00 - 17:00

Ite op'e Pizel

18:00 - 20:00

Spesjaalbierjûn

21:30 - ∞

13 Tiisdei

Fergees Fryske lunsj

13:00 - 15:00

Kei to your Future

13:00 - 16:00

Workshop barklune

15:00 - 17:00

Ite op'e Pizel

18:00 - 20:00

KEIParade

20:00 - 21:30

Live: The Flu Fighters

21:30 - ∞

14 Woansdei

Fergees Fryske lunsj

13:00 - 15:00

High Beer Pong toernooi

15:00 - 17:00

Ite op'e Pizel

18:00 - 20:00

Down the Neon Road

21:30 - ∞

15 Tongersdei

Fergees Fryske lunsj

13:00 - 15:00

Iepen loft Festival

14:00 - 19:00

Kasino a la Bernlef

15:00 - 17:00

Eat & Greet: Hamburgers bouwen

17:00 - 21:00

Live: Smûk op soas

21:30 - ∞

16 Freed

Fergees Fryske lunsj

13:00 - 15:00

Shotgleskes fersiere

15:00 - 17:00

Dinerconcert mei Piter Wilkens

17:00 - 20:00

End of the Road; Piter Wilkens

21:00 - ∞

Moandei

Wy sille dizze moandei goed begjinne mei in fergees Fryske lunsj op soas. Dizze sil te krijen wêze fan 13 oant 15 oere. Fan 15 oere ôf kinsto dysels yn de striid goaie foar de titel fan mariokart-kampioen, of bist wolkom om rêstich te tsjillen by us Mariokart lounge. Hast ûnderwilens honger krigen? Dan is der tusken 18 en 20 oere de mooglikheid om by us op soas mei te iten foar ûngefear €3,50. Ast net lid bist, kinst dy hjirfoar opjaan troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-16689400 of 06-42009462 foar 16.00 middeis. Hasto ek wol ris nocht oan in lekker spesjaalbierke ynstee fan altyd mar deselde sop fan de dei? Of sjochsto in spesjale virgin cocktail wol sitten? Kom dan del op us Spesjale buorrel-jûn! Ferskate soarten spesjaalbier sille te priuwen wêze foar in sacht pryske. Under in genot fan in drankje, in muzykje en wat te snacken sille wy der in smûke jûn op soas fan meitsje.

Tiisdei

Tiisdei sille wy los mei in fergees Fryske lunsj fan 13 oant 15 oere. Fan 15 oere ôf kinst us moaie Fryske studintekultuer better kinnen leare mei in workshop barklúnen. As it krûpen oer de bar dy hongerich makket, bliuw dan lekker hingjen foar it jûnsiten op soas tusken 18 en 20 oere. De kosten hjirfoar sille ûngefear €3,50 wêze. Ast net lid bist, kinst dy hjirfoar opjaan troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-16689400 of 06-42009462 foar 16.00 middeis. Fan 21.30 ôf sil der yn de soas live muzyk wêze mei de Flu Fighters!

Woansdei

De woansdei sil der wer in fergees Fryske lunsj klearstean op soas om 13 oere. Om 15 oere is it tiid foar in klassyk studintespultsje: High (beer) Pong. Oefenje dyn feardigens yn beerpong mei behulp fan in bierke of fris. Om 18 uur sil der wer Jûnsiten klear stean op soas foar ûngefear €3,50. Ast net lid bist, dan kinst dy opjaan troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-16689400 of 06-42009462 foar 16 oere middeis. Jûns is it fan 21.30 ôf tiid foar de kroegetocht. Bernlef sil dizze jûn yn alle kleuren fan de reinbôge kleurje mei it temafeest 'Down the Neon Road'.

Tongersdei

We meitsje it wer Smûk op Soas op de tongersdei! We traapje ôf mei de fergees Fryske lunsj om 13.00 oere. Om 15 oere sille wy de soas omklaaie ta in wier kasino a la Bernlef. Dus hâldsto fan't gokken? Of hâldsto fan it spyljen fan tûke spultsjes, of bisto just mear fan famyljespultsjes? Kom dan del by ús kasino. Ast dan dochs al oan it puzeljen bist, kinst ek daliks fierder mei it bouwen fan hamburgers by de eat & great foar maksimaal 5 euro. Dizze sil begjinne om 17 oere. Bisto net lid? Jou dy dan op troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-36482923 foar 15 oere middeis. Jûns giet fan 21.30 ôf it feest pas echt los, wannear't de band Smûk it dak fan de soas blaze sil.

Freed

Op de lêste dei kinsto lekker útbrakke by de fergees Fryske lunsj om 13 oere. Foar in bliuwend oantinken oan in fantastyske wike by Bernlef kinst foar €1 dyn eigen unike shotgleske fersiere. Dus lit tusken 15 en 17 oere dyn kreativiteit frij. It jûnsiten sil ek dizze jûn wer klearstean om 17 oere. Mar dizze jûn meitsje wy it allegear ekstra spesjaal: it wurdt in wier dinerkonsert! We sille nammentlik genietsje fan in miel wylst we nei de hearlike klanken fan Piter Wilkens lüsterje. Asto noch net lid bist, kinst dy opjaan troch in berjochtsje te stjoeren nei 06-16689400 of 06-42009462 foar 15 oere middeis. Nei 20 oere sille wy it iten wer oprêde, mar sil it feestje ûnder begelieding fan Piter Wilkens trochsette oant yn de lette oerkes.

Ite op'e pizel

Eltse dei kinst in hapke mei-ite op ús Pizel! Wolst dit, stjoer dan in mailtsje nei Joran Lemke, eksterne FFJ Bernlef, eksterne@bernlef.frl. Set hjir dan efkes dyn name yn, de dei en eventuele allergyen.

Kontakt

Troch ûnderstiend formulier kinst yn kontakt komme mei it bestjoer fan FFJ Bernlef.


Lokaasje

Bespaar op je telefoonabonnement!

Vind je het leven al duur genoeg en heb je geen zin om ook nog eens veel geld te moeten betalen aan je mobiele telefoonabonnement? Op Telefoonabonnement.nl vergelijk je kosteloos miljoenen aanbiedingen bij de betrouwbaarste webshops en providers in Nederland. Vergelijk je mobiele abonnement en bespaar tot wel 300 euro per jaar op de kosten van je nieuwe telefoon. Meer weten? Bezoek de website!

Creditcard aanvragen

Ga je binnenkort op reis/vakantie? Dan is een creditcard een must-have. Daarmee kun je namelijk overal betalen en ben je tevens goed verzekerd. Op creditcard.nl kun je de beste creditcards vergelijke en direct aanvragen.

Spaarrente vergelijken

Heb jij al een spaardoel? Laat niet onnodig spaarrente liggen. Nederlanders lopen gemiddeld 300 euro per jaar mis doordat zij niet vergelijken. Vergelijk snel en eenvoudig of je wel genoeg rente krijgt bij je eigen bank en stap anders over naar de bank met de hoogste spaarrente.

Kies de juiste datingsite

Als vrijgezel via internet op zoek naar de ware is geen eenvoudige klus. Met een aanbod van meer dan 100 verschillende datingsites is het lastig om de juiste keuze te maken. De website Datingsite Kiezen heeft voor alle grote Nederlandse dating websites een uitgebreide review geschreven. Daarnaast vind je transparante informatie over de kosten en specificatie van elke datingsite. Teveel keuze? Lees hier een artikel over de top 10 van de beste datingsites van Nederland.